info@willemwilstra.nl Tel. 0512-546521
Fotoboek HET ZEEGAT UIT nu digitaal te downloaden (klik hier >)
             

Klik op de kleine foto's om te vergroten
           
Foto’s kunnen zowel op papier als digitaal geleverd worden.
Prijs 13x18 cm € 5,- . Voor publicatie € 10,- Grotere formaten op aanvraag.
Fotocolumn in het kerkblad: GEANDEWEI nr. 19 - 8 oktober


UNDERSEEËR BOPPE WETTER

Noach krige fan God de opdracht om de Ark te bouwen, goed beskoud in grutte rêddingsboat.
Yn feite is dêrmei de hiele minskheid rêden. Skipper Mees Toxopeus silger, krige eins deselde
opdracht; betink in bettere rêddingboat as de no besteande. Dit wie om 1920 hinne. Hjirfoar wiene
hiel wat seelju fan rêddingboaten omkaam by harren wurk, om’t harren materiaal net kapabel wie…
Sa kaam in 1927 de INSULINDE yn’e feart op it stasjon Eastmahorn (De Skâns). Dit wie de earste sa-
neamde selsrjochtsjende rêddingboat fan’ e wrâld. Dizze stalen boat fan 50 ton koe, as se troch in
grûnsee op’ e kop kaam te lizzen, harsels wer rjochtsje troch in fernuftich ballastsysteem, úttocht
troch Mees en de werfbaas út Delfsyl. De INSULINDE hie sa’n bêste stabiliteit dat se yn alle
troch makke stoarms en hege baren nea oer de kop gien is! Letter kaam de GEBROEDERS LUDEN
en noch in 10 tal susterskippen mei itselde systeem. Se waarden wolris plat op’e side smieten
mar kamen dochs wer oerein. De GEBROEDERS LUDEN is 50 jier ferlyn yn’ e feart kaam en hat
mear as 900 minsken út de need holpen. Se wie noch mar twa wike yn tsjinst doe’ t tidens in swiere
stoarm 6 man r?den binne fan it op Boarnrif by it Amelân strânne skip, de PANAGATHOS. Se is no
pensjonearre en ûnderbrocht yn instichting wêr’t se troch frijwilligers ûnderholden wurdt.
Op de foto wurdt it selsrjochtsjend systeem testte, troch mei in kraan it skip oer de kop te lûken.
Oan ien kant rint dan in tank fol mei wetter en sa ûnstiet in saneamd ‚ ûnlykwichtich koppel’ mei
gefolg dat de boat wer rjochtop springt.
Mear op www.gebroeders-luden.nl



© fotomateriaal Willem Wilstra - Drachten